Deputearre Kramer: "Utspraak is net de ein fan it aaisykjen"

19 mrt 2016 - 09:02

"De útspraak is net de ein fan it aaisykjen". Dat seit deputearre Kramer. Hy is bot fernuvere oer de twangsom dy't it ministearje fan ekonomysje saken it Bûn fan Fryske Fûgelwachten freed oplein hat. Neffens it ministearje strookt de wize fan aaisykjen net mei de floara- en faunawet. It bûn moat dêrom de leden foar moandei skriftlik oproppe om op te hâlden mei it aaisykjen en oars in twangsom fan 15.000 euro betelje.

Neffens Kramer is dizze maatregel achter it buro betocht en hâldt dy gjin rekken mei de praktyk.

De provinsje lit de eigen advokaat nei de útspraak fan it ministearje sjen. Fan kommend jier ôf jildt in nije floara- en faunawet en dy biedt neffens de deputearre mear romte oan de aaisikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)