'Waadwynoargelkoar' freget omtinken foar de Waadsee

It nij oprjochte 'Waadwynoargelkoar' yn Penjum moat soargje foar mear omtinken foar de Waadsee. Neffens inisjatyfnimmer Gerda Holzhaus wurdt der troch de bou fan diken te min nei omsjoen. It Waadwynoargel is in nije komposysje foar orkest en koar en wurdt opfierd op bûtenlokaasjes tusken Penjum en de Waadseedyk.
Op freedtejûn gie it Waadwynoargel ludyk fan start. Kabaretiêre Margriet Bolding lei oan de hân fan emosjonele ferskes en gedichten út wêrom't de see sa'n wichtich plak ynnimt yn ús libben.