V&D iepenet doarren foar lêste kear

V&D yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Nije wike giet de V&D wer even iepen. De kuratoaren fan it fallite winkelbedriuw binne it dêroer iens wurden mei de eigeners fan de gebouwen en de leveransiers. Alle 62 winkels fan de V&D geane fan woansdei ôf iepen. Dat bart yn fazen, wannear't de Ljouwerter V&D krekt iepen giet is noch net bekend.
Nei ferwachting bliuwe de winkels in wike as trije, fjouwer iepen.