Folgje ûntwikkelingen Aqua Zoo by Omrop Fryslân

Otter yn Aqua Zoo
Omrop Fryslân folget de kommende wiken de ûntwikkelingen yn bistetún Aqua Zoo. Yn it telefyzjeprogramma 'Us dieretún' is te sjen hoe't it giet yn Aqua Zoo, nei de trochstart en mei alle fernijingen. Der binne nije bisten bykaam en der wurdt nijboud. Meiwurkers fertelle oer har wurk, mar ek besikers komme oan it wurd.
Foar de searje mocht Omrop Fryslân oeral komme, en dat lit Aqua Zoo fan in hiele oare kant sjen. De earste ôflevering is nije wike snein 27 maart.