Oant libbensein wenje yn soarchapparteminten Nijlânstate

Nijlânstate yn Ljouwert wol nijbouwe. Neist de soarchynstelling moatte 30 apparteminten boud wurde dêr't minsken oant har libbensein yn wenje bliuwe kinne. De apparteminten sille sa'n 220 oant 250.000 euro kostje, mei dêr boppe-op noch elke moanne sa'n 600 euro servicekosten.
Net goedkeap, mar dochs wiene der 60 belangstellenden op de ynformaasjegearkomste freedtemiddei. Want foar dat jild is der deibesteging en wellness en je kinne yn it hûs wenje bliuwe oant de ein, hoefolle soarch je ek nedich hawwe.