Niesen: Algra moat net sa skynhillich dwaan

18 mrt 2016 - 19:07

Direkteur Harm Niesen fan de Faunabeskerming is net fernuvere oer de twangsom dy't it ministearje fan ekonomyske saken it BFVW oplein hat. It Fryske aaisykjen hat neat mei nêstbeskerming út te stean, seit er. Neffens him wit de foarman fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, Rendert Algra, dat ek.

"Algra doet nu opeens schijnheilig, alsof het allemaal om nestbescherming gaat, maar dat is niet zo. Daarom is het zoeken domweg verboden." Om de nêsten te beskermjen, moatte je sykje flak foar't de boer mei de meanmasine it lân yngiet, seit Niesen.

No geane der 4000 man fjirtjin dagen lang it lân yn. "Iedereen mag overal zoeken. Je kunt wel vijf keer hetzelfde ei vinden. Dat is gewoon een wedstrijd." Neffens Niesen is it net foar neat dat hast de helte fan de fûgelwachters op de lêste ledegearkomste tsjin it foarstel om te sykjen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)