Algra fan BFVW nidich oer twangsom: "Dat wurde djoere aaien"

"Wy dogge neat ferkeard", dat seit foarsitter Rendert Algra fan it BFVW yn in reaksje op it beslút fan it ministearje fan ekonomyske saken om it bûn fan fûgelwachters in twangsom op te lizzen. Neffens it ministearje strookt de wize wêrop't yn Fryslân aaisocht wurdt net mei de Flora- en Faunawet en hat it neat te krijen mei neisoarch. Algra fynt dat in grut fersin: "It aaisykjen is streekrjocht keppele oan de neisoarch. De aaien wurde registrearre en yn in systeem set dat de boeren neisjen kinne." Sa witte de boeren wêr't de nêsten lizze.
It BFVW hat twa dagen de tiid om de leden op te roppen op te hâlden mei aaisykjen. Dêrnei moat it bûn 2500 euro per dei betelje dat der noch aaisocht wurdt yn kompetysjeferbân, oant in maksimum fan 15.000 euro. "Dat wurde djoere aaien dit jier as dit sa trochgiet", seit Algra. De foarsitter wit noch net wat hy de leden advisearje sil, it bestjoer fan it BFVW sil him dêr noch oer beriede.