Kilometers lange hannelsrûte op Sintrale As by iepening

18 mrt 2016 - 16:46

Mei de iepening fan de Sintrale As yn septimber moatte tusken Feanwâlden en Sumar oer in lingte fan njoggen kilometer tal fan aktiviteiten komme. Dêr mikt de organisaasje fan it evenemint 'Foarút oer de as mei de Handel' op. Dan giet it om in bradery, in rommelmerk, bedriuwen dy't har presintearje, muzyk en teater en berne-aktiviteiten.

Der is yntusken in webside yn de loft dêr't minsken of bedriuwen dy't meidwaan wolle, har opjaan kinne. De earste oanmeldingen binne der al.

Trefwurden: 
Sintrale As aktiviteiten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)