Ien ynsitter fan auto te wetter yn Snits ferstoarn
Ien fan de minsken dy't yn de auto siet dy't freedtemiddei yn it wetter rekke yn Snits, is ferstoarn. It giet om in man, hy siet mei twa froulju yn de auto. De froulju rekken beide ferwûne. De auto rekke op de Rienck Bockemakade yn it wetter. Nei alle gedachten is de auto fan in parkearfek achterút it wetter ynriden.