Boskwachters Steatsboskbehear winne Sulveren Skries

Steatsboskbehear Noard-Fryslân hat freed de Sulveren Skries wûn. De boskwachters Jacob Hanenburg en Jeffrey Huizenga namen de priis yn ûntfangst op de Greidefûgelkennisdei yn Earnewâld. Mei troch de ynset fan Steatsboskbehear is de greidefûgelstân yn natuergebiet Surhuzumermieden flink omheech gien. It wetterpeil is ferhege, de sleatskanten binne minder heech makke en it lânskip is iepener en minder rûch.
De Sulveren Skries is in priis foar it bêste inisjatyf op it mêd fan agrarysk natoer- en lânskipsbehear.
By de priis heart in jildbedrach fan 2500 euro.