Auto mei ynsittenden te wetter yn Snits

© Kappers Media
Oan de Rienck Bockemakade yn Snits is freed oan it begjin fan de middei in auto mei ferskate ynsittenden te wetter rekke. Helpferlieners binne dwaande om de ynsittenden der út te krijen. Dat slagge binnen in pear minuten. Hoe't it mei harren giet is noch net bekend. Ferskate ambulânses en de traumahelikopter binne ûnderweis nei it plak fan ûngelok om help te ferlienen.
De Lemmerwei is by de brêge ôfsletten foar it ferkear.