OVD: Mear each foar alternative plannen iisfontein

It ûntwerp foar de fontein yn it sintrum fan Dokkum © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De gemeente Dongeradiel hat kwalik each foar alternative plannen foar de Dokkumer Merk, dêr't in iisfontein komme moat. Dat seit ûndernimmersferiening OVD. Dy is benaud dat de ynfolling fan de plannen al fêststiet en dat it meitinken en fanút 'de mienskip' neat om 'e hakken hat.
Keunstner Birthe Leemeijer makke yn it ramt fan Kulturele Haadstêd in ûntwerp. Alle alve stêden krije in fontein. It plan foar Dokkum krige in soad krityk, ûnder oare fanwege it ferdwinen fan parkearplakken.
In werynrjochting fan de Merk wêrby't mear as de helte fan de parkearplakken ferdwynt is foar de ûndernimmersferiening ûnbesprekber. Ek wolle de ûndernimmers dat der mear omtinken komt foar it tsjingean fan fandalisme by de fontein.