Foppe de Haan feroaret de opstelling net

Sportklup Hearrenfean begjint sneon tsjin Heracles Almelo yn deselde opstelling as tsjin PSV. "Ik haw gjin reden om wat te feroarjen", sa seit Hearrenfean-coach Foppe de Haan. Joey van den Berg is noch altyd skorst en Pele van Anholt blessearre. Dêrtroch begjint Sam Larsson wer efter de spits en Luciano Slagveer as rjochtsbûten.
Heracles stiet op dit stuit sechde mei sân punten mear as nûmer trettjin Hearrenfean.