Jan Huitema organisearret 'Fryske jûn' yn Mauritshûs

18 mrt 2016 - 08:26

De lânboukommisje fan it Europeesk Parlemint komt by harren wurkbesite oan Nederlân oer twa wike net nei Fryslân. Omdat Europarlemintariër Jan Huitema dat sels ek spitich fynt, hat er besletten om yn plak dêrfan in 'Fryske jûn' te organisearjen yn it Mauritshûs yn De Haach. De politike gasten út Europa en Nederlân krije dêr in miel mei allinnich Fryske yngrediïnten en in temarûnlieding lâns Fryske keunstwurken. Ek binne in soad gasten út de Fryske lânbouwrâld foar de byienkomst útnûge.

Huitema rekkenet ek op de komst fan premier Rutte.

Kowetún

De wurkbesite is no omdat Nederlân dit healjier foarsitter is fan de Europeeske Uny. Huitema wol sjen litte hoe ynnovatyf de Nederlânske lânbou is. De ekskurzje giet dêrom ûnder oare nei de bekende 'kowetún' yn Groenlo, mar ek nei Lely, it bedriuw dat de molkrobot betocht hat. Huitema is fan betinken dat ynnovaasjes yn de lânbou gauris tsjinhâlden wurde troch ferâldere Europeeske regeljouwing. Hy hat dêrom in moasje yntsjinne dy't ynnovaasje yn de lânbou stimulearje moat. Dy moasje komt nei alle gedachten yn april yn stimming yn it Europeesk Parlemint.

Huitema hopet mei syn wurkbesite ek te berikken dat de Nederlânske polityk wat mear each krijt foar de fertsjinsten en it belang fan de Nederlânske lânbou, want dy rint foarop yn Europa. Huitema fernimt yn syn wurk faak dat dêr bûten Nederlân positiver tsjinoan sjoen wurdt as yn Nederlân sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)