Frou botst mei fyts op plysje-auto en krijt boete

© Plysje Fryslân
In frou (25) út Ljouwert is tongersdeitejûn op in plysjewein botst doe't se troch de stêd fytste. In plysjeman ried yn in boargerplysjeauto oer de Skrâns rjochting de spoarweioergong. Foar him rieden twa fytsers. By de Hollanderdyk gie ien fan harren nei links. Doe't de plysjeman neist de oare fytser ried, gie sy ynienen ek nei links.
De frou klapte op de plysjewein en gie ûnderút. Ambulânsepersoniel hat har ûndersocht en har skaafwûnen behannele. Doe't de frou blaze moast, die bliken dat se dronken hie. Se krige in boete fan 125 euro.