Finalisten Fryske Undernimming fan it jier bekend

17 mrt 2016 - 23:07

Anker Stuy Verven út Terwispel, Dierenkliniek Wolvega út Wolvegea en Health2Work út Surhústerfean binne de trije finalisten fan de ferkiezing Fryske Undernimmer fan it Jier. De opset fan de ferkiezing is dit jier oars. Sa hifket Deloitte dizze kear de bedriuwen op finânsjes, strategy, ynnovaasje en bedriuwsfiering. In sjuery sil de finalisten de kommende tiid beoardielje.

Op 19 april is de finale yn de Alvestêdehal yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)