Wenningbouferiening wol mienskipssin stimulearje

17 mrt 2016 - 15:43

Wolwêzensorganisaasje KEaRN giet dit jier yn acht strjitten yn de gemeente Tytsjerksteradiel oan de slach om de leefberens te ferbetterjen. Ferline jier is dêr in proef mei dien yn Hurdegaryp. Meiwurkers fan Kearn stiene mei kofje en tee yn de Bodaanstrjitte om mei minsken yn petear te kommen.

Dat smiet in soad ideeën op om it nofliker mei-inoar te hawwen. Dat soarge ek foar in bettere sfear yn de strjitte. Bewenners stappe ek earder mei-inoar nei de gemeente of nei de wenningkorporaasje, as se saken ferbetterje wolle.

It leefberensprojekt fan KEaRN en WoonFriesland hat de namme strjitpraatsje (straatbabbel) meikrige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)