Undersikers lizze bûtendykse ikkers oan by Peazens

17 mrt 2016 - 12:42

Undersikers binne by de seedyk by Peazens oan it ûndersykjen hoe't de Friezen yn de terpetiid gewaaksen ferbouden. Bûten de terpen hiene se te krijen mei sâlt wetter en it is noch altyd net dúdlik hoe't boeren dêrmei omgiene. As proef wurde der no bûtendyks lytse ikkers oanlein mei in dykje der omhinne, sûnder dykje of allinnich mei in greppel. Yn de ikkers komt koarn en in âlde Fryske soart túnbeanen te stean.

Neffens It Fryske Gea kin it wurk gjin kwea foar fûgels, omdat it briedseizoen noch net begongen is. De proef duorret trije jier.

Trefwurden: 
ikkers bûtendyks Peazens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)