Learlingen Nordwin College kwisse oer learplicht

Learlingen dy't spibelje fan skoalle wurde net altiten trappearre, want der is eins gjin goed systeem by de skoallen om dit te kontrolearjen. Foaral bern dêr't it thús net lekker mei giet of dy't psychyske problemen ha, fersomje in soad, sizze learplichtamtners. De gemeente Ljouwert grypt de Dei fan de Learplicht oan om it probleem better op de kaart te setten.
Learlingen dy't net op skoalle komme mar bygelyks wol stúdzjefinansiering ûntfange, is foar de learplichtambtners ek in bekend probleem.
Op it Nordwin College yn Ljouwert wurdt dêrom tongersdei in spesjale kwis organisearre foar de learlingen troch wethâlder Thea Koster en in tal learplichtamtners fan de gemeente. Sy wolle de learlingen útlizze wat de learplicht no krekt ynhâldt en hoe wichtich it is foar de learlingen om wol nei skoalle te gean.