Restauraasje walfiskkaak fan Skiermûntseach leit op skema

17 mrt 2016 - 12:02

It giet goed mei de restauraasje fan de karakteristike walfiskkaak fan Skiermûntseach. De kaak wurdt restaurearre yn Amsterdam by jachtwerf Rhebergen. De kaak hat earst yn de oven west, troch de waarmte is alle ûngedierte deagien. No't dat klear is, krijt de kaak in beskermingslaach, dy't der foar soarget dat er der wer as nij útsjocht.

Sa't it no liket sil de kaak neffens skema begjin april wer op it eilân weromkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)