Epke Zonderland wer selektearre foar Olympyske turnploech

17 mrt 2016 - 10:33

Turner Epke Zonderland is wer opnommen yn de turnploech dy't yn april op jacht giet nei in ticket foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Bûnscoach Mitch Fenner nimt Epke mei nei de testwedstriden yn Rio, dêr't acht lannen stride om fjouwer plakken.

Epke hat in trainingsachterstân oprûn troch blessueres en in operaasje oan de byholten. Dêrom docht er kommend wykein yn Stuttgart noch net mei.

De seleksje bestiet fierder út Anthony van Assche, Michel Bletterman, Bart Deurloo, Frank Rijken, Casimir Schmidt en Jeffrey Wammes. Ringespesjalist Yuri van Gelder is net selektearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)