Fleanbasis sneon ekstra iepen

25 apr 2012 - 11:10

De fleanbasis Ljouwert is sneon ekstra iepen. Gewoanwei wurdt net op sneon flein, mar fanwege de grutte oefening dy't de ôfrûne wiken op de basis hâlden waard, is dat dizze wike wol it gefal. Tusken healwei tolven en healwei twaën lannet en fertrekt in transportfleantúch fan de Sweedske loftmacht. Dat hellet personiel en materiaal op dat brûkt is foar de oefening fan Frisian Flag. Dy wurdt freed ôfsletten.

Trefwurden: 
fleanbasis Frisian Flag
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)