Wer mear Friezen sitte sûnder wurk
It oantal wurkleazen yn Fryslân is yn febrewaris opnij tanaam. Der binne no 21.700 Friezen mei in WW-útkearing. Yn fergelyk mei febrewaris ferline jier, binne dat der hast 3% mear en yn fergelyk mei jannewaris fan dit jier 0,7% mear. De groei is foar in part te ferklearjen troch it fallisemint fan V&D. Dêrtroch kamen der yn Fryslân 136 nije wurkleazen by.
It winterwaar soarge yn de bou ek foar mear wurkleazen. Yn Grinslân en Drinte rûn de wurkleazens noch mear op as yn Fryslân.