Skriuwster Caja Cazemier wer nominearre foar Jonge Jury 2016

De steapel nominearre boeken foar 2016
De Ljouwerter jeugdboekeskriuwster Caja Cazemier is mei it boek #selfie, nominearre foar de priis fan de Jonge Jury 2016. It boek giet oer in famke dat slachtoffer wurdt fan grooming, it digitale bernelokjen. Cazemier skreau it boek nei oanlieding fan in grutte sedesaak yn 2014.
Yn 2008 wûn Cazemier de priis fan de Jonge Jury foar it boek Vamp. It is de fyfde kear dat se nominearre is foar dizze publykspriis. Oare nominearren binne Elle van den Boogaart, Rom Molemaker, Niki Smit en Mel Wallis de Vries. De priis wurdt op 20 april útrikt.