Oanpast plan grut welness-sintrum oertsjûget It Amelân net

16 mrt 2016 - 22:35

Ek de oanpaste nijbouplannen fan hoareka-ûndernimmer Harry Westers foar in wellness-sintrum op It Amelân, kinne de tsjinstanners net oertsjûgje. Dat die woansdeitejûn bliken op de ynformaasjejûn op it gemeentehûs yn Ballum. De aksjegroep bliuwt fan miening dat it te grutskalich is foar it eilân en twivelet oan de foardielen foar de wurkgelegenheid en it toerisme.

Op it terrein fan it eardere swimbad wol Wester, de eigener fan hotel Noordsee, útwreiding fan syn hotel mei ûnder oaren in spa, wellness, restaurant en hotelkeamers.

It plan waard ferline jier troch de gemeenteried ôfkard. Yn it nije plan wurde de gebouwen minder heech en komt der mear romte tusken de fakânsjehûzen. De aksjegroep hie in oprop dien om manmachtich te protestearjen op de ynfojûn. De opkomst wie grut, mar protestaksjes wiene der net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)