Skylge knapt elzesingels op mei help fan skoalbern

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op Skylge is woansdei in begjin makke mei it opknappen fan de elzesingels. Bern fan fiif basisskoallen ha dêrfoar soarge, op de provinsjale beamplantdei. Skylge is it iennichste Waadeilân mei elzesingels en dy wolle sy graach hâlde.
Troch in grut oantal ynstânsjes en lâneigeners wurdt gearwurke om de elzesingels op it eilân wer ynoarder te meitsjen.