Jorritsma nimt boek mei loftfoto's fan Fryslân yn ûntfangst

© Koos Boertjens
It loftfotoboek 'Fryslân út de Loft' wurdt woansdeitemiddei presintearre op it provinsjehûs yn Ljouwert. Yn it boek stean foto's fan de provinsje dy't fan 300 meter hichte ôf makke binne. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma nimt it earste eksimplaar yn ûntfangst.
De Snitser fotograaf Koos Boertjens makke it fotoboek dat yndield is yn fiif tema's, lykas de 11 Fryske stêden, de Waadeilannen en de Fryske doarpen. De byskriften binne yn trije talen: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.
Boertjens makke earder al in fotoboek fan Grinslân en in boek oer it hiele Noarden.