Ynbrekkers nimme 16 laptops mei by ynbraak yn skoalgebou

16 mrt 2016 - 14:11

Ynbrekkers ha in flinke slach slein by in ynbraak op de Buitenbaan op It Hearrenfean. De dieders wisten it skoalgebou fan OSG Sevenwolden binnen te kommen en naaiden út mei sechstjin laptops. Neffens de direktrise fan de skoalle, Gretha Dam, hawwe de learlingen fan de skoalle net in soad hinder fan de ynbraak. De learlingen hawwe dizze wike nammentlik net in gewoane leswike en brûke de laptops dêrom op it stuit net.

De plysje is dwaande mei in ûndersyk en siket tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)