Jurgen Streppel wurdt de nije trainer fan SC Hearrenfean

Jurgen Streppel is fan takom seizoen ôf de nije trainer fan SC Hearrenfean. Dat hat de klup woansdei offisjeel bekendmakke. Streppel folget Foppe de Haan op en tekenet op It Hearrenfean in kontrakt foar twa seizoenen. Streppel is no noch trainer fan earedifyzjeklup Willem II út Tilburg. Mei dizze ploech promovearre Streppel twa kear nei de earedifyzje en einige er ferline seizoen as njoggende. Streppel spile sels fan 1990 oant 2005 betelle fuotbal by Helmond Sport, RKC Waalwijk, Telstar en op 'e nij Helmond Sport.
Manager Hans Vonk fan SC Hearrenfean is bliid mei de komst fan Streppel. "We willen aantrekkelijk voetbal spelen in een vol Abe Lenstra stadion, met een duidelijke voetbalvisie en passend binnen onze financiële mogelijkheden. Jurgen is een trainer die daar in onze optiek prima bij past. Hij heeft ruimschoots ervaring als trainer in het betaald voetbal, heeft aanvallend en attractief voetbal hoog in het vaandel staan en maakt graag jonge spelers beter."
De offisjele presintaasje fan de nije trainer sil letter plakfine.