Groeiend alkoholprobleem by 55-plussers

Der klopje hieltyd mear 55+'ers oan by Verslavingszorg Noord-Nederland (VNN) dy't in alkoholprobleem hawwe. Ien op de fjouwer minsken dy't kontakt siket mei de ferslavingssoarch is âlder as 55 jier.
Dat is in soarchwekkende ûntwikkeling, sa fynt Nicolette Veldhoen fan VNN. "Wat wij zien is een groeiend aantal mensen dat zich nauwelijks bewust is dat ze dagelijks drinken", fertelt Veldhoen. Om't guon organen fan de âlderein minder goed wurkje, lykas lever en de nieren, kin deistich drinken gefaren opsmite.
Neffens Veldhoen is it dreech om minsken dêr bewust fan te meitsjen. "We hebben het goed met zijn allen en daar hoort een drankje bij." Om mear senioaren bewust te meitsjen fan de gefolgen fan it deistich drinken fan alkohol, jout de VNN trainings oan meiwurkers yn de soarch. Dy groep hat nammentlik faak kontakt mei de âlderein.