Tagong ta bosken fan Beetstersweach miskien net mear fergees

Der moat goed sjoen wurde nei de ferdieling fan de kosten fan it ûnderhâld fan de bosken rûn Beetstersweach. Dat fine lâneigeners fan it gebiet. Sy draaie op dit stuit folslein op foar it ûnderhâld oan paden en beammen en dat kostet alle jierren sa'n 80.000 euro. En dat wylst de brûkers fergees troch it gebiet kuierje kinne.
It ûnderhâld moat barre om't eigeners ferantwurdlik binne foar de feiligens. Sa wurde tûken snoeid, paden ûnderhâlden en stoarmskea oprêden. De eigeners wolle sjen nei mooglikheden om de kosten better te ferdielen.
Dêrby tinke se oan de ynset fan bygelyks frijwilligers of minsken fan re-yntegraasjeprojekten. Tongersdei wurdt der troch de lâneigeners fierder praat oer de ekonomyske mooglikheden fan de natuer rûn Beetstersweach.