Wytmarsumers leverje massaal AZC-enkête yn

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Wytmarsum hawwe massaal de enkête fan Doarpsbelang ynfolle oer de mooglike komst fan in asylsikerssintrum yn it doarp. Neffens it bestjoer fan doarpsbelang hat teminste 95% fan de ynwenners de enkête ynfolle. De list mei fragen is op 14 en 15 maart hûs-oan-hûs ophelle.
Kommende tiisdei wurde de útkomsten bekend makke. Doarpbelang hâldt dan in jiergearkomste dy't allinnich mar oer de enkête giet. Neist ynwenners binne ek de riedsfraksjes en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders útnoege.