George Visser oanslein troch ferstjerren Piet Oosterveld

16 mrt 2016 - 10:03

George Visser fan Skylge is bot oanslein troch it nijs dat poalreizger Piet Oosterveld tiisdei stoarn is. Visser wie derby doe't Oosterveld yn 1987 by in ekspedysje op Spitsbergen oanfallen waard troch in iisbear. It bist sette fuortendaliks syn tosken yn it gesicht fan Oosterveld, dy't slim ferwûne rekke.

George Visser sprong de bear op 'e bealch, dêrtroch waard it bist even ôflaat en koene de beide manlju de hutte feilich berikke. Dit foarfal makke dat se in hiele bysûndere relaasje krigen, se binne dan ek altyd befreone bleaun.

Piet Oosterveld fertelde op telefyzje by Sonja: "Toen heeft George al die flarden en plakken die langs m'n hoofd hingen weer op z'n plaats gelegd, een scheut alcohol erover heen gegooid en een stevig noodverband aangelegd". Dêrnei moasten de twa manlju noch trije dagen wachtsje foardat se ophelle waarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)