Fryske wettersportbedriuwen klear foar de start fan HISWA

Ferkillende Fryske wettersportbedriuwen stean de kommende dagen op de HISWA yn Amsterdam, de grutste wettersportbeurs fan Nederlân. Jachtwerf Heech is der ek mei ûnder oare de polyester sylboaten Randmeer, Splash en de G2. Geert Wijma fan de jachtwerf sjocht sûnt ferline jier in dúdlike ferbettering yn de sektor.
Yn de RAI binne de kommende dagen hûnderten boaten te sjen. Neffens de organisaasje is op de HISWA it grutste oanbod fan sloepen te finen.