Reedrider Jesper Hospes wint Sulveren Bal krekt net

Jesper Hospes hat de Sulveren Bal krekt net wûn. De sprinter fan It Hearrenfean waard twadde. De winst gie nei de Kanadees Gilmore Junio. By de froulju wûn de Kanadese Heather McLean. Karolina Erbanová út Tsjechië waard twadde en de Japanse Nao Kodaira tredde. Hospes sette yn de heale finale de bêste tiid fan de jûn del: 9.61. Yn de finale wie Junio mei 9.66 de rapste, Hospes ried 9.72 en Ryohei Haga fan Japan 9.89.
De earste edysje fan de Sulveren Bal, in wedstriid oer 100 meter, waard hâlden yn de nije Alvestêdehal fan Ljouwert.
Bylden: Arianne Hofman