Ynternasjonale toppers dogge mei oan Frysk damjen

De earste ynternasjonale toppers dy't meidogge oan it iepen kampioenskip Frysk Damjen binne oankaam yn Frjentsjer. It giet ûnder oaren om kampioen wrâlddamjen Michele Borghetti út Italië en skaakgrutmaster Vassily Ivanchuk út Oekraïne.
It kampioenskip Frysk damjen dat tiisdei fan start gie, telt mear ynternasjonale toppers as ea. Mei de komst fan ûnder oaren wrâldkampioen damjen Alexander Georgiev en ferskate oare toppers wol de organisaasje besykje om it Frysk damjen groeie te litten as sport.
Tiisdeitejûn wie de lotting. Yn herberch De Bogt fen Guné wie de sfear nettsjinsteande de grutte bûtenlânske ynbring dochs tige Frysk.
It damjen is live te folgjen fia in livestream.