Keamer akkoart mei ien loket 'skea troch grûndelgong'

skuor © Omrop Fryslân, Oedze Deelstra
Der komt ien sintraal loket foar de ôfhanneling fan skea troch grûndelgong yn Fryslân. In moasje fan de Twadde Keamerfraksje fan de ChristenUnie dêroer is tiisdei oannaam troch de Keamer.
De CU kriget stipe fan de Keamer om te wurkjen oan in bettere ôfhanneling fan skea troch bygelyks gas- en sâltwinning en feroaringen fan it wetterpeil.