Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins rint jild mis

15 mrt 2016 - 20:16

Bestjoersleden fan de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins rinne de kommende jierren tûzenen euro's mis. Se krije altyd in bestjoersbeurs fan de universiteit, mar dit jier hat de feriening dêr te min leden foar. De feriening hat fyftjin studearjende leden te min.

It ferlies fan de bestjoersbeurs soe betsjutte kinne dat it foar de feriening dreger wurdt om minsken te finen dy't yn it bestjoer wolle. Op dit stuit binne der fiif bestjoersleden. Dat is eins ien te min, seit Bart Draaijer fan Bernlef.

It ferlies fan de bestjoersbeurs smyt lykwols gjin grutte problemen op foar de feriening, seit Draaijer. "Hoe dan ek, wy binne der fan oertsjûge dat we altyd de holle boppe wetter hâlde."

Bernlef besiket nije leden te krijen troch eksamenkandidaten op Fryske middelbere skoallen oan te sprekken. De feriening hat it noch wol efkes oan tiid om mear leden te krijen. Oer trije jier wurdt opnij fêststeld oft de leden fan it bestjoer rjocht hawwe op in beurs.

Trefwurden: 
Bernlef studinteferiening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)