Van der Goot net ta 'meast wurdearre advokaat' útkeazen

Tjalling van der Goot
Advokaat Tjalling van der Goot fan it kantoar Anker en Anker is net ferkeazen ta 'Meest gewaardeerde advocaat van ons land'. Liesbeth Zegveld fan it Amsterdamske advokatekantoar Prakken d'Oliveira krige de titel.
De ferkiezing is in inisjatyf fan Advocatie.nl. Der wiene trije kandidaten. De winner waard op in kongres in Utrecht bekend makke. Neffens de organisaasje wurdt Tjalling van der Goot troch syn fakgenoaten wurdearre om syn saakkundigens en yntegriteit. Ferline jier gie de titel nei Wim Anker.