Boargemaster Súdwest-Fryslân ûntfangt finer earste ljipaai

15 mrt 2016 - 17:23

Jan Willem Postma fan Boalsert is teloarsteld dat hy net it earste ljipaai fan Fryslân fûn hat, mar fynt it dochs moai dat hy de earste hie fan Súdwest-Fryslân. Doe't er it ljipaai moandeitemoarn ûnder Sibrandabuorren fûn, leaude er noch dat it de earste wie fan de provinsje. Al hiel gau dêrnei waard dúdlik dat der ien earder wie.

Snein hie er ek al in aai fûn, mar dat wie net goed. Dêrom sette hy de dei dêr op ek wat letter útein mei it sykjen. "Als het weer een grapje is, kunnen ze me lek schieten", tocht er doe't der wer in ljipaai fûn.

Dy wie wol goed, mar te let foar de grutte priis. Postma krige tiisdeitemiddei tsien euro, in oarkonde en in slokje fan boargemaster Apotheker op it Snitser stedhûs. It earste ljipaai fan Súdwest-Fryslân komt as foto yn in fitrine te hingjen mei dêr omhinne in protte echte aaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)