Fjouwer festivals krije dochs finansjele stipe fan provinsje

15 mrt 2016 - 16:30

Fjouwer Fryske festivals krije mei-inoar hast hûnderttûzen euro subsydzje fan de provinsje om dit jier fierder te kinnen mei de aktiviteiten. Sûnder dat ekstra jild hie dat in probleem wurden. It giet om it Frysk Strjitfestival, Opera Spangea, Explore the North en Cityproms.

De provinsje hie foar dit jier hiel skerp sjoen nei hokker festivals en kulturele aktiviteiten wol en net jild krije, omdat der net mear foar alles genôch budzjet is. Guon festivals drigen dêrtroch yn de problemen te kommen. Dat is no oplost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)