Omrop Fryslân ferliest nei 28 jier syn selsstannigens

Omrop Fryslân ferliest definityf syn selsstannigens. De Earste Keamer is niiskrekt akkoart gien mei de nije mediawet fan steatssekretaris Sander Dekker. Dêryn stiet ûnder oaren dat alle regionale omroppen opgeane yn in Regionale Publieke Omroep, de RPO. Allinnich de redaksjes bliuwe hjirtroch noch selsstannich. Om't Omrop Fryslân as Fryske regionale omrop in ekstra taak hat wat de Fryske taal oanbelanget, komt der in Fryske mediaried mei advysrjocht.
Mediaried
Dy ried giet ûnder oaren oer de taal, de beneaming fan in haadredakteur en it jild foar it Frysk. De mediaried wie in idee fan senator Hendrik ten Hoeve út Stiens.
Stimming
De stimming foar de mediawet barde haadlik. Alle senatoaren moasten har ien foar ien útsprekke oer de wet. It waard 39 stimmen foar de wet en 30 tsjin de wet.
Besunigings
De oanname fan de wet betsjut ek dat de regionale omroppen bot besunigje moatte, 17 miljoen yn totaal. Dat moast op 1 jannewaris takom jier al in feit wêze, mar Dekker jout de omroppen in healjier útstel om't de ynfiering fan de mediawet ek fertraging oprûn hat. Dekker jout dêrom 8,5 miljoen euro ekstra foar saneamde 'friksjekosten'. Dat binne kosten dy't makke wurde foar de reorganisaasje.
Omrop Fryslân wie sûnt 1988 selsstannich.