Achtkarspelen besprekt opsjes foar flechtlinge-opfang

15 mrt 2016 - 12:06

Achtkarspelen praat tiisdeitejûn en woansdeitejûn mei ynstellingen en ferienings út de gemeente oer de opfang fan flechtlingen. Op dizze gearkomsten wurde de opsjes foar de opfang bepraat. Ek eventuele konsekwinsjes foar de oanwêzigen, lykas skoallen, wurde bepraat. In skoft lyn hat de gemeenteried fan Achtkarspelen frege om in oersjoch fan mooglike foarmen foar de opfang fan flechtlingen.

AZC

Oanlieding wie it ôfwizen fan in fersyk fan it COA foar in AZC foar 400 oant 600 minsken. Dat fûn Achtkarspelen te grut. Ein maart wurde de ynwenners bypraat oer wat de mooglikheden dan wol binne. Se meie dan ek ynsprekke. Dêrnei nimt de gemeenteried in beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)