Werynrjochting Valeriusstrjitte yn Ljouwert is úteinset

© Google Streetview
Oannimmersbedriuw A. Faber is tiisdeitemoarn úteinset mei de werynrjochting fan de Valeriusstrjitte yn Ljouwert. De dyk wurdt feiliger makke. Ferline jier hat de gemeente alle beammen al fuort helje litten. Der is noch ûndersocht oft se stean bliuwe koenen, mar de woartels fan de beammen leinen tefolle yn it paad. As de nije bestrjitting deryn leit, wurde der wol nije beammen plante.
De Valeriusstrjitte soe eins pas yn 2017 opknapt wurde, mar it wurk wurdt no nei foaren ta helle om't ek it Europaplein no oanpakt wurdt. Beide projekten wurde no kombinearre. It wurk oan de Valeriusstrjitte moat ein oktober klear wêze.