Winst foar Jong Hearrenfean en Jong Cambuur

14 mrt 2016 - 22:17

Jong SC Cambuur hat moandei de útwedstriid tsjin Jong PEC Zwolle wûn. Yn Zwolle waard it 2-1 foar de Ljouwerters. Alle doelpunten foelen yn de earste helte. De Ljouwerter doelpunten waarden makke troch Xander Houtkoop yn de 8e minút en Mikhail Rosheuvel yn de 40e minút. Rosheuvel miste noch in penalty. Ten Have skoarde krekt foat it skoft foar de Zwollenaren de 2-1.

Ek Jong Hearrenfean wûn moandei. Op Skoatterwâld wûnen de Feansters fertsjinne fan Jong ADO Den Haag mei 2-0. De goals wiene fan Rannick Schoop en Henk Veerman.

Schoop skoarde yn de 32e minút. Nei it skoft hâlden de Feansters de foarsprong fêst troch goed te ferdigenjen. Yn de 73e minút waard Henk Veerman troch de Haachske doelman ûnderút helle. Hy benutte sels de strafskop. De winst betsjut de twadde oerwinning fan Jong SC Hearrenfean yn de kampioenspûl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)