Boerinneprotest yn Den Haag: "In kealtsje is gjin minsk"

14 mrt 2016 - 21:57

Sawat twahûndert boerinnen út it hiele lân sette tiisdei ôf nei Den Haag, nei steatssekretaris Martijn van Dam. Se komme yn ferset tsjin in moasje dy't de Twadde Keamer oannommen hat oer dat kealtsjes langer by de mem bliuwe moatte. De moasje soarget foar in soad opskuor yn 'e melkfeehâlderij.

Boerinne Nynke Koopmans fan Tytsjerk fynt dat de Twadde Keamer in keal tefolle ferliket mei in minsk. It smyt allinnich mar stress op troch it kealtsje earst by de mem te hâlden en der letter by wei te heljen. Fuortendaliks skiede foarkomt ek feesykten.

De boerinnen biede de steatssekretaris tiisdei in petysje oan, sadat er syn miening bystelt. Ut Fryslân wei sette trettjin boerinnen ôf nei Den Haag.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)