Make-up-eksperiminten en wyld hier op creaparty Friese Poort

14 mrt 2016 - 20:07

Kapperslearlingen en learlingen uterlike fersoarging koene moandei wer omraak útpakke op de jierlikse creaparty op ROC Friese Poort yn Ljouwert. Se mochten harren útlibje op hier-, en make-up-kreaasjes. Troch te ekspirimentearjen mei útwrydske ideeën kinne se in eigen styl ûntwikkelje. Sa leare se fierder te sjen as gongber is yn de salons, en op dy wize kinne stille talinten útgroeie ta stylistes.

De MBO-skoalle wol fierders besykje it alâlde fak fan 'barbier' as opliedingsrjochting op te nimmen yn it nije lesprogramma. Dat ambacht is op 't heden wer tige yn 'e moade. Yn de grutte stêden binne tal fan 'barbiers en hiersnijers' aktyf, faak yn in salon yn jierren-'30-styl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)