Boeren meie molkproduksje ôfstimme

14 mrt 2016 - 19:47

Melkfeeboeren meie ôfspraken meitsje om frijwillich en tydlik de produksje fan molke te ferminderjen. De Europeesk kommissaris fan lânbou, Phil Hogan, hat dat oankundige. De maatregel jildt foar in perioade fan yn alle gefallen seis moanne. De merk moat op dy wize wer oanlûke.

De suvelprizen stean ûnder druk troch de wrâldwide taname fan de molkeproduksje. Dat komt mei troch it ôfskaffen fan de Europeeske molkkwota. De legere fraach nei molkpoeier yn Sina en de Russyske boykot spylje ek in rol.

Neffens Brussel is der sprake fan in 'slimme merkfersteuring'. Dêrom wurde no ôfspraken foar fermindering fan molkproduksje tastien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)