Boek oer ferkiezings oanbean op Skiermûntseach

14 mrt 2016 - 18:03

Boargemaster Stellingwerf fan Skiermûntseach hat moandei it earste eksimplaar fan it boek Wat stem jij? krige. It eilân is dêrfoar útkeazen, omdat it faak as earste de útslach fan ferkiezings bekend makket. It boek is in soart hantlieding by ferkiezings. It boek rjochtet him op minsken dy't foar it earst stimme meie.

Swevende kiezers krije yn it boek ynformaasje oer de polityk. It boek wurdt tiisdei oanbean oan de foarsitter fan de Twadde Keamer. Dat is dan krekt ien jier foar de folgjende lanlike ferkiezings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)