Earste ljipaai fan Súdwest-Fryslân moandei ek fûn

14 mrt 2016 - 17:42

Nei de fynst fan it earste ljipaai fan Fryslân waard moandeitemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Súdwest-Fryslân ek fûn. Jan Willem Postma út Boalsert seach it aai flak nei healwei tolven lizzen by Sibrandabuorren. Neffens it BFVW giet it om in farsk aai.

Postma sil tiisdei op besite by boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Hy kriget dêr in oarkonde en in tientsje finerslean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)